Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skippersbank

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Doe’t de skipper eigen baas wie,
fertsjinne hy it sponsorjild
mei wrotten en mei wramen
en wannear’t de striid dan oan gie,
brocht hy it eigen skip yn ’t fjild.

Doe’t de skipper net mear baas wie,
fertsjinne hy it plak oan ’t roer
troch stêd en doarp dy’t kamen
mei in skûtsje dat har oan stie,
mar mei it jild hold it net oer.

Doe’t de Rabo, dy’t sels baas wie
oer wat it die mei al dat jild,
de sponsor waard benammen
foar de folder dat it oan gie,
jûchheide hiel it skûtsjefjild.

Image


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum