Willem Tjerkstra’s thússide
admin

25-jierrich jubileum

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Grouwe pûsters strieken oer de Ie,
’t begjin yn Grou wie sa’t it hearde:
spanning op it seil, yn elke spier,
’t gefoel fan hjoed in heldedie,
de skippers soene dermei rêde.

Image

Jelle*, kampioen fan foarich jier,
kaam út ‘e start wei goed telâne:
earst de Tynje yn, mar net yn ’t reid;
de eagen skeaten fjoer, ’t wie wier,
hy liet sigaar en Lemsters brâne.

Jan** woe wer ris spylje op ‘e poat,
want op ‘e Ie stie gjin museum,
hjoed waard ’t wrachtich wier, de Pan foar sier,
in poat fertize yn de skoat,
it wie foar Snits in jubileum***.

Image

* Jelle Reyenga
** Jan van Akker
*** De Pan sloech 25 jier lyn ek om op ‘e Ie.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum