Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swierwichtige kening

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein de Jongere*
Image

Hy wie de achtste Hindrik
op ‘e troan fan Ingelân,
swierwichtich kening, breed fan sin,
hold keunst en wittenskip yn stân,
mar gie as minske op ‘e rin.

Hy libbe mei seis froulju,
makke ’t mei de measte út
troch skieding en de dea mei ’t swurd,
gjin paus feroare syn beslút,
want wa’t gjin nut hie, sloech er fuort.

Sels waard er slein troch ’t hynder
mei ’t gewicht fol op syn lea
en skonken, foar it each panyk,
mar ûnderhûdsk sloech ta de dea,
gjin lyk lykwols, de foarst wie bryk.

It telde op yn ’t libben
fan de kening, trettjin kear
per dei in miel, seis liter bier,
sa rekke hy foar ’t stjerren klear,
wol hûnderttachtich kilo swier.

* Hans Holbein de Jongere (sirka 1497-1543)
Skilderij ‘Hindrik VIII’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum