Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oade oan Wûnseradiel

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Wûnserdiel, de a is der al út,
meikoarten wurdt de b ek sein,
de ein fan dizze flakke oarde?
Mar salang’t it diel stiet heech oerein,
dan bliuwt noch út it einbeslút,
fertsjinnet Wûnserdiel syn oade.

Alde tiden sprekke yn dit gea
fan striden yn in grut ferskaat,
as earste tusken lân en wetter.
Wûnzerhiele Friezen, sterk fan lea,
ha terpen nei har hichte laat,
gjin oare oarde koe it better.

Eigenheid, dat wie it steile wurd,
gjin frjemde ynfloed yn dit oard,
behalve ’t goud fan de Romeinen:
Wûnzerhiele kij, fan kop oant sturt,
te keap, de frjemden by de poat,
dat Wodan joech syn heil en seine.

Heidendom, dat koe gjin kant mear út,
want heil kaam út ‘e himel wei,
sa woene hawwe Hartwerts muontsen.
Wûnzerhiel moast jaan de leafdestút,
mar Skier en Fet begûnen mei
it spul fan striid as stoere hoantsen.

Berne waard te Kimswert lytse Pier,
dy’t muonts en hoants te fluch ôf wie
en grutter waard as eigen oarde.
Foar Wûns en Snits wie hy yn ’t spier,
sloech mei syn swurd as heldedie
wol dea, mar ’t wiene krekt gjin moarden.

Ek in held giet swurdleas mei pensjoen
en hoe’t it kin, mar stjerrend wier,
yn Snits fûn hy syn lêste halte.
Diele moast doe Wûns syn kampioen,
it hiele gea betreure âlde Pier,
want nea soe Kimswerts held wer balte.

Wûnserdiel, de hiele a is fuort,
mar wurd as Grutte Pier net âld,
want dan fersikesto de goaden,
makket de stêd Snits dy flitsend kâld.
Hâld dêrom heech dyn eigen guod,
dan klinkt foar altyd troch dyn oade.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum