Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gripe sûnder prinsipe

Polityk

fan ûnbekend*

De hearen, dames dy’t regearje
nettsjinsteand demisjonêr,
ha plannen foar de takomst
fan boer en boarger beide…
moat it folk ’t regear noch earje?

De dames, hearen dy’t formearje,
nettsjinsteand noch lang net klear,
ha plannen foar de takomst
fan boer en boarger beide…
moat it folk dat wurk wurdearje?

Hoe tinkt it folk oer de formaasje,
oer in net folslein regear
mei mar in heale lieder
en dus gjinien fan beide
noch: de Navo of de naasje.

Men hat gjin each foar it prinsipe,
libbet wif fan hjoed nei moarn,
gjin basis foar de takomst
fan boer en boarger beide…
elk pakt mei wat leit foar ’t gripen.

* Yllustraasje ‘Gripende hân’



admin

Stjonkend plak

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It Aino-folk betocht de namme:
Furano as in stjonkend plak
fanwege swevel, reek út ’e fulkaan
dy’t oer it gea ferspraat waard,
mar no soene se in oare namme jaan.

In kleurich plak, ferskaat oan blommen
dy’t weagjend rinne oer it gea:
in pearze, rôze en oranje baan,
it wite dat mei weaget
sil op ’en doer de namme grif ferslaan.

As winterdeis de flokken falle,
dan wurde alle banen wyt
foar folk dat op ’e lange latten glydt
en neat fernimt fan ’t stjonken,
sadat de namme fan Furano slyt.

* Foto ‘Furano’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum