Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oereinhâlde

Keunst

fan Francisco de Goya*

Syn earmen hongen slop
fanwege ’t bluodderige gat
dat by it linkerear ûntstien
wie, dat hy koe it swurd net hâlde,
amper ek himsels.

Sy hold him noch oerein,
deabang foar it takomstich lot,
want twa is folle mear as ien,
mei beide earmen om him hinne
bleau sy noch harsels.

Hoe’t hy hjir sa ta kaam,
sy wist net fan it hoe of wat,
hy wol, in oar hie dit net dien,
sy koe him amper steande hâlde,
dus ek net harsels.

Sy hold al lang fan him,
foar har wie hy in ierdske god,
sa wie op hiel de wrâld gjinien,
sy fielde har no al allinne,
lykme-op-harsels.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘De leafde en de dea’
Print 10 út ’e searje ‘Los Caprichos’

admin

Brutsen earmen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

De farao krijt no berjocht
oer wat der barre sil,
de Hear hat skjin syn nocht
fan him, syn wil wurdt brutsen.

De Hear brekt beide earmen fan
de farao, syn wil
brekt ek, hy wurdt in man
te swak om  ’t swurd te tillen.

De beide earmen fan de foarst
fan Babel wurde sterk,
syn swurd stekt yn it boarst
fan farao, dan sille…

… Egyptners út har heitelân
fersille wurde oer
de lannen, neat hâldt stân,
de frede is ferbrutsen.

* Byld ‘Farao’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum