Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tafallich

Lyrysk Deiboek

Kin in mem har bern ferjitte
as sy nei de nacht op stap
gean nei de iepen greide
om de honger te ferslaan?
Sy sil dy twa in teken jaan.

Sil in mem dy fint net merke
mei syn tastel foar it each?
Sy hat gjin weet fan bylden
om dêrmei in slach te slaan,
sy sil dy twa in teken jaan.

Sille bern de mem net folgje
wannear sy it reid yn sjit
nei ’t sjitten fan de bylden…
ûnbewust joech sy dy kâns,
 tafallich kaam dy fint doe lâns.

admin

Brutsen reus

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

His Majesty’s Airship
op ’e grûn majestueus,
dêr’t minsken by yn ’t neat fersinke;
wês fan herten wolkom, passazjiers,
binnenyn is ’t lúksueus.

His Majesty’s Airship,
yn de loft in swevend skip,
dat gjin gefaar rint om te sinken;
wês gerêst, unike passazjiers,
nim in dronk op dizze trip.

His Majesty’s Airship,
driuwt op wetterstof, dat lekt
in bytsje fuort, net tinke
dat it mis giet, bêste passazjiers,
nim noch ien, gjin glês dat brekt.

His Majesty’s Airship,
op ’e grûn majestueus,
doe om de earste op te drinken,
letter mannich deade passazjier
yn en om de brutsen reus.

* Foto ‘HMA R 101 op ’e grûn’
** Foto ‘Nei de ramp fan HMA R 101’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum