Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Helden yn de Sont

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Abrahamsz. Beerstraten*

Se foeren yn de gouden tiid
fan Ingelân nei Deenske Sont,
fan striid nei striid,
mar net mei alle winen mei,
foar eigen winst: stek oan de lont!

De Sweden hiene ek dat fjoer,
heal Denemarken al beset,
it hold net oer:
foar Hollânsk hannel stie it faai,
dus Kopenhagen: nim it net!

Image

De Sont is smel, de wyn wie noard,
de Denen bleauwen oan de kaai,
gjin man oerboard
foar Hollânsk float mei ’t fjurrich lont,
dy hie de wyn en weagen mei.

De deaden binne letter teld:
twa kommandanten en noch mear
matroazen, held
foar held ferdronken yn de Sont…
de slach wie wûn, de held ferlear.

* Jan Abrahamsz. Beerstraten (1622-1666)
Skilderij ‘Seeslach yn de Sont’ (1658)  

admin

Prinsedei

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

Rûn de spanning op yn ’t lân
troch arrogânsje fan reginten,
dan seach ’t folk út nei Oranje,
hielendal net op ‘e sinten.

Dûnsjend gie it nei de kroech,
want hjoed woe ’t folk de jierdei fiere
fan it jonkje fan Oranje**
en fansels ek om te klieren.

Kroechbaas Geurt mei swurd en drank
gie op ‘e knibbels foar syn gasten
en fansels ek foar Oranje
foar’t se troch de tape hosten.

Jan, syn twadde namme Steen,
stie justjes wankel op ‘e fuotten,
brocht in toast út op Oranje
wylst er mei reginten spotte.

Oer ’t balkon hong Wobbes broek,
hy rêde ’t better yn it neaken
mei syn Wimke fan Oranje,
want dy kleur wie him ta beaken.

** Willem III waard tsien jier

 * Jan Steen (1626-1697)
Skilderij ‘Prinsedei’ (14 novimber)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum