Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folle blazen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

Se sieten yninoar fertiisd,
de skûtsjes liken sa op tûken,
neat hie noch op waaien wiisd,
de seilen hongen, slop as doeken.

De skippen kleefden oan it wiet,
guon koene net in boei berikke,
fjouwer kamen ta de died,
it sigentsje liet oaren stikke.

Image

De died moast komme fan de boat,
in wiis beslút fan de kommisje:
sjit gau ôf de hiele float,
mei folle blazen is ’t rap pisjen.

De blazen leech, doe kaam der wyn,
de skippers wiene net te brûken,
de smoar foel der by elk skerp yn,
de wyn kaam út ferkearde hoeken.

admin

Frjemd fjoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

De see by Starum koe net better:
ûnder ’t kalme wolketek
lei foar it each it flakke wetter.

It dykpublyk koe noflik sitte:
stuollen klapten se teplak,
it wachtsjen wie op ’t startskipsjitten.

It siet ek noflik op ‘e Panne:
Jan* mei Dieuwke** op ‘e roef,
dêrachter de passearre mannen.

Image

’t Waard minder op ‘e hurde lûken:
blauwe plakken op ‘e kont
en boppe har de brune doeken.

It skip wie net foarút te brânen:
’t lei him net oan har gewicht,
Snits kaam op trettjin frjemd telâne.

Oars gie it mei de beide bruorren:
Sietes striid mei Loadewyk,
sy brânden as twa frjemde fjuorren.

Image

* Jan van Akker
** Dieuwke de Graaff-Nauta,
steatssekretaris fan Ynlânske Saken

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum