Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin gelyk by Malplaquet

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Anthonius Brouwer*
fan Jan van Huchtenburg**

Jan Willem Friso, noch in puber
doe’t er yn it Steatske leger kaam,
dreamde him it libben ryk,
woe moedich wêze foar in faam,
it leafst net as takomstich lyk.

De machtigen, al lang folwoeksen,
makken gading nei de Spaanske troan,
dream fan ’t aldergrutste ryk,
it gie al wer op oarloch oan,
soldaten hiene gjin ûntwyk.

Image

Jan Willem Friso, al goed tweintich,
hie it brocht ta Steatske generaal,
wist fan: dit is oare kost;
hy spriek fan moed yn kleare taal:
‘Myn maten, hjir is jimme post!’

De machtigen, noch net folwoeksen
yn de geast, ha net de deaden teld,
Jan Soldaat hie gjin ûntwyk;
gjinien sprekt noch fan moed of held…
wa hie yn Malplaquet gelyk?

Image

* Anthonius Brouwer (1827-1908)
Skilderij ‘Jan Willem Friso yn de slach by Malplaquet’

** Jan van Huchtenburg (1646-1733)
Skilderij ‘Slach by Malplaquet’

admin

Gouden slach

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ludolf Bakhuizen*

As ’t om de macht giet op ‘e troan,
dan litte foarsten fan har hearre,
gjin ûntkommen is der oan:
om Spanje sille striders stjerre.

As ’t om it goud en sulver giet,
dan wolle foarsten it wol witte:
konfiskaasje, ’t âlde liet
foar stelle, ’t giet om te besitten.

In Spaanske float foer rykdom oan,
mar mocht noch net yn Vigo’s haven,
foar de fijân like ’t skoan
de slach te slaan om al dy staven.

In Ingelsk-Nederlânske float
hat mei kanonnen winst behelle,
deaden telden net oan board,
de staven koene se wol telle.

Image

* Ludolf Bakhuizen (1630-1708)
Skilderij ‘De slach by Vigo’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum