Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan dream nei fisioen

Bibelbylden

PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Rûnom yn Babel gie de tiding
dat alle wizen stiene faai,
ek Daniél wist fan ’t gefaar
dat kenings dream brocht foar him lijen mei…
moast hy as frjemdling ha de lieding?

Hy frege útstel om te dreamen
deselde dream as Babelsk foarst,
te smeken oan syn eigen God
om help, om’t hy de wizen rêde moast…
it fisioen begûn te streamen.

En yn de moarntiid streamden wurden:

Heech te priizjen is de namme fan de Iene,
syn krêft en wiisheid hat Er jûn
oan wa’t foar wiisheid stiene,
mar wa’t wiene oan de machten bûn;
neat bliuwt ferburgen yn it tsjuster,
de Iene bringt it oan it ljocht
foar my; it paad wie ‘k bjuster,
mar foar hjoed hat Hy my wiisheid brocht.

* Ikoan fan de profeet Daniël

admin

Ferburgen dream

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Hy kaam fan ’t bêd en wie betize,
Nebûkadnessar, Babelsk foarst,
hie net in byld mear fan de dream,
mar hearde wol it dreunen nei in barst,
dus wie dit wurk foar al syn wizen:

Jim sjogge wat in oar net sjocht
en witte wat in oar net wit,
wat byld komt jim foar eagen
by myn dreambyld fan fannacht?
Jim takomst wurdt mei eare ljocht
as jimme sizze hoe’t it sit,
mar fiel de fûsten fan myn macht
nei ’t swijen, dus betink gjin leagen.

De wizen wiene slim betize
oer ’t djippe dreambyld fan de foarst
dat mei gjin wurd nei boppen kaam,
se seagen yn har inerlik gjin barst
en koene foar de takomst grize.

* Byld fan Nebûkadnessar    

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum