Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stiennen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat leit yn ’t minskepaad betrape,
’t libben hurd as stien?
It stiente jout in part fan ’t antwurd,
lit allinnich sjen de kape,
’t ûnderste dat wit gjinien.

Image

De wite stien yn diggels brutsen
lit de rjochting sjen
nei’t iere lok fan beide minsken,
letter yn twa stikken lutsen,
yn it iene ek de bern.

Image

Yn blauwe stien troch streamen slipe
komt it wyt op kop
as teken fan it skomjend wetter,
earst noch wikend, yn syn gripe
fierde ’t him doe fierderop.

Image

Gjin streamen fan miljoenen triennen
koene dizze stien
bewege tusken Auschwitz’ bylzen;
’t kapke sjocht men mar allinnich,
’t ûnderste dat wit gjinien.

Image

admin

Bestimmingsferkear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa wennet oan it smelle paad
fan in beskate stimming?
Inkeld tagong hat ferkear
mei dy en dy bestimming.

Image

Bestimming hat in eigen aard:
in ideaal foar letter,
op ‘e wjukken fan de ear,
ferslein mei gouden letter.

De wjukken slaan de ôfstân fuort
en litte tiden jeie,
swierte sakket nei de grûn
dêr’t jagers hjerstmis jeie.

Image

De kop is ûnder, heech de sturt,
wat sprekt fan kearde stimming;
flecht is oan de ierde bûn
en hat in einbestimming.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum