Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kikkertkistke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Do besochtst noch grut te wurden,
lytse kikkert, foar’t it winter waard,
wat is der fan dyn libben wurden,
wiest ynienen fan de kaart.

Op ‘e rêch leist wei te wurden,
tinne poatsjes biddend by elkoar.
Hoe kinst as kikkert ingel wurde,
as dêr is gjin dieredoar?

Asfalt kin dy net begrave,
sakkest yn gjin wiken troch de dyk.
Wa sil foar dy in kistke skave
foar it kikkertdeaderyk?

Groeit dêr net in rûne kiste
nêst de dyk, in pracht as parasyt?
De libbenssyklus! Foarst it witste,
bisto wei yn ’t ingelwyt.

Image

admin

Ut ‘e striid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It flokt mei alle skippersear:
in iepen kape yn de rein,
it seil as fodde op ‘e gyk;
it is as leit it skûtsje klear,
mar is it skippersaard ferflein.

Do tûke skipper fan alear,
hiesto it túch der al net by
mei spanning op it ûnderlyk?
Omheech de nok, in paltsje mear
en traapje del it swurd yn lij!

En as de wyn fan foaren kaam,
dan hiest de beage om ‘e hûd,
do skuordest dy de bealich bryk,
joechst foar de brêge noch in raam
en jûns siet yn it himd dyn bloed.

Wat, skipper, seisto hjoed de dei,
do libbest yn in oare tiid
en triuwst dy mei sa’n bak wol ryk?
Do draaist de kont der dan foarwei
en lûkst de siele út ‘e striid.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum