Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Solorige

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It giet al om miljoenen
iters sûnder oanspraak,
drinkers sûnder proaster,
praters sûnder harker,
sjoggers sûnder bysit,
lêzers sûnder klankboerd,
dreamers sûnder bysliep,
solo’s mei har stille jûnen.

Ik fluite en de ko dy’t weide
op ‘e prikkels fan syn magen,
die direkt de kop omheech;
ik seach, dêr stie se yn de greide
as soliste troch de dagen
tusken kypwein en myn each.

Image

’t Gefoel om ôf te gliden
sûnder hâlder fan in hân
mei de gong fan fallend sân
en de kypwein sil wer ride.

Ik fluite nei de kij dy’t rûnen
yn in lange rjochte rige,
fierste fier om op te sjen;
ik seach en tocht oan de miljoenen
yn in lange rjochte rige,
manlju, froulju en har bern.

Image

admin

Adam yn Itens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Snein 29 oktober 2007 wie yn Itens
in oekumenyske tsjinst oer Adam.
Dy hie mei de fariearre ynhâld
wat wei fan it paradys sels.
Op 25 novimber 2007 is der wer in tsjinst
dêr’t in oare bibelske persoan sintraal stiet.

Hoewol’t it hjerst wie, griis en kâld,
kaam Adam op dy sneintemoarn
yn Itens oan, in oare wrâld
as ’t paradys, de jas moast oan.

Dêr eage Adam earst noch jong
wylst hy de dieren komme liet
en harren nammen suver song,
gjin bist dat sûnder stimpel siet.

Image

Sjiraffes stimpel wie wat mear
as ’t rêchkrús fan de simpelspin,
dat Adam wie mei ’t krús gau klear,
wat hegerop wie him nei ’t sin.

Sa klom er by de nekke op,
fier boppe Itens’ toerspits út,
berikte lykwols net de kop,
’t begjin wie oars as it beslút.

Image

Hoewol’t it hjerst wie, griis en kâld,
en Adam song op eigenwiis,
kaam Eva wizer op ‘e wrâld
yn Itens, dochs noch paradys.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum