Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rûn spul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hoeder spilet yn it rûn
mei skiep dy’t neat fertelle,
brûkt dêrby syn stôk en hûn,
beheint it yn it ramt fan peallen.

Image

Wa’t heger spilet, brûkt it gas
foar fjoer dat kleuren bollet;
ierde lit de farder los,
dy’t wer yn fêste rollen rôlet.

Image

Noch heger spilet ljocht en rein
de kaart fan kleuren yn de bôge,
minskleas wurdt de helte lein;
wannear is ’t hiele spul foltôge?

Image

admin

Op Fryske skaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It nijsberjocht wie krekt as oars, neutraal:
op Sumatra hie de ierde skodde
op ‘e skaal fan Richter acht punt fjouwer
mei tsunamiweagen faaks fataal.

Image

It nijs út Grou wei wie in oar ferhaal:
hoe’t in houten hûs as âlde fodde
siigde nei de ierde, folle rouwer
kaam it oer, op eigen Fryske skaal.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum