Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bloed en wetter

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Troch de ieren fan Oranje
streamt noch altyd ’t Fryske bloed
en boppedat it brûzjend wetter,
mongen yn it hert, foargoed
it sljochte libben sûnder franje.

Sa kaam Willem Alexander
nei it wide wetterlân:
in foech kweajonge, ’t koe net better,
mongen mei de Fryske stân,
it achterdek fan Jan* as stander.

Image

Admiraal, sa stie er wizend,
mar gjin hân op ’t skûtsjeroer,
mei Dicky** wied er oan de snetter,
elkenien wist wol wêroer:
hy moast foar ’t Snitser wetter kieze.

Image

* Jan van Akker
** Dicky van der Werf

admin

Stiennen silerij

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

It wie gjin man fan ’t romme wiet,
mar earder fan de smûke wâlden,
Anne Woudwijk, houwer,
keardel fan de hurde died,
it nije út it âlde.

Image

Gjin brûnzen strontkleur, Belgysk stien,
dêr soed er ’t skûtsjebyld út houwe.
’t Wurd fan yndianen:
‘Stien is mei de minske ien
yn ’t praten en yn ’t bouwen.’

Gjin stiel mar stien, gjin skipper koe
sa’n skûtsje hâlde yn de touwen,
Woudwijk wol, de houwer
wiisde hoe ’t it sile soe
sa tusken sân gebouwen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum