Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sek mei bonken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de skoalle leart
om ’t seil te setten,
wyn te heinen,
krije bern de feart
om koers te setten
oer it lange ein
fan foar de wyn
en ’t koarte krúsrek.

As de frijheid leart
dat op it thússtek
wyn ferdronken
wurdt, dan is der neat
om by te setten,
sakket nei de ein
wat net mear bynt:
in sek mei bonken.

Image

<
admin

Waan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Tusken hjerst en winter saait
it libben ôfwaaid nei de dea
en bliuwt fertize hingjen
yn it stek, de stielen lea
wurdt sa mei ôffal klaaid.

Image

Tusken gatten yn de klean
sjocht men it winterwetter klear
dêr’t miuwewyt bedûkt no
noch de griene grûn nei mear
troch iepen winter bean.

Image

Tusken ôffalblêd en baan
dêr’t wyn de swarte twirren leit,
bliuwt lang it swurk noch hingjen
dat swiersettich ’t libben klaait,
want iis is mar in waan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum