Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan Twizelerheide

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Twizelerheide, doarp mei lapen
kleur: dyn reade dakken, giel en grien
it klaverblêd, dyn skeaf mar ien,
twa stjerren noch, sjedêr dyn wapen!

Mar wêr is it pears fan heide
en it kleare pingoblau?
Mei eigen skiednis stekt it nau,
it wapen mist dy beide.

’t Wie troch ’t boaiemiis dat teide
yn de Fryske toendragrûn,
dat wetter yn de rûnte rûn
fan pingo’s yn de greide.

Withoefolle ieuwen letter
kaam de iistiid strang werom
mei yn de spitkeet rêgen krom
fan earmoed, drippend wetter.

Klaver trije kin fertelle
fan de tiden fan it jier:
de maitiid, simmer, hjerst yn ’t spier,
mar yn de winter stelle.

Beide stjerren binne strielen
fan de mienskip yn dit plak:
de stoel is foar de klok it dak,
it doarpshûs om te dielen.

Image

Twizelerheide, doarp mei tinten,
mear as ’t trijekleurich wapen biedt,
de skeaf dy’t yn de midden stiet,
hat takomst op ‘e skiednis inte.

admin

Wodka

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Beide flessen skinke oeren fol
mei wat gjin kar mear jout,
want alles rint no trochinoar
en ’t fiere frjemde wurdt fertroud:
de Rus wurdt blau, de bank in bar.

Image

Flessen klinke klokkend fol nei hol
en boppe draait it rûn
as bal dy’t dêr ynienen leit
foar traapjen klear fan moarn nei jûn,
in goal en elkenien jûchheit.

Image

Kranten steane no al barstend fol
fan ’t klinkend Russysk skot,
mar letters binne jûns te swart,
in fjurke liket dan wol wat
omdat gjinien in lampe hat.

Image

Flammen fleane heger foar de lol,
mar kranten brâne net,
want letters wolle skotten ha
mei kleureslingers nei it net,
in feest op ’t skulpepaad, no sa!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum