Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Romte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De romte is hjoed ûnbeheind,
in ivichheid foarby de stjerren,
feestferljochting foar it hiele neat
om ’t sfearbestean net te bedjerren
en wannear’t it jûn noch reint,
dan is ’t it tintdoek dat it keart.

Image

It feest brekt yn de jûntiid los
fanwege ûnbeheinde romte
yn ’t gigantysk folle telgebou
fan rjochte streken, hjoed de kromte
lykwols fan it tintdoek, as
it moat wol tûzen yn de kou.

Image

It sfearbestean fan yn de roef
fan berte oant op slach fan stjerren
mei dêrfoar de romte fan it rom,
de fracht fan man en frou tegearre,
brocht de ivichheid foar proef,
it stal stie nei de nacht wer krom.

admin

Minskedrek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It graven wie in drege put,
mar kaam de grêft op djipte,
dan begûn it sljochtsjen, wipten
se it ôffal yn de prot.

Image

Hoefolle gielbrún minskedrek
ha grêften wol net frette
moatten, want wa wist fan wetten
foar ’t miljeu in boppestek?

Wat ieuwen ûnder wetter sit,
sil wol wer boppe komme.
Hat de baggerman dan romme
oars as yn de grêft syn sjit?

Image

In keunststofhúske is it plak
foar syn natuerlik sitten,
efkes ’t baggerjen te litten,
rêstich deljaan op ’t gemak.

En binne alle grêften keard,
wa sil it húske sljochtsje?
Wetter kin de drek befjochtsje,
gielbrún wurdt wer helder read.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum