Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Joëls tiding fan omkear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Michelangelo*

Image

Lit alle folken hjoed fernimme
oer de omkear fan it lot:
fan delgean en fan klimme.

Se ha myn eigen folk ferballe
nei de frjemdte, ’t nuodlik lot
fan yn de djipte falle.

De jonkjes dy’t krekt berne wiene,
ha se ruile foar de hoer,
dêr’t manlju djip yngiene.

De famkes waarden as slavinnen
op ‘e merk brocht foar de wyn
om dronken om te rinnen.

De folken sille hjoed fernimme
dat myn eigen folk rjocht rint
nei Sion om te klimmen.

Sels sille sy yn ’t delgean reitsje
foar de rjochtdei, omkeard lot;
bern kinne dan wer laitsje.

* Michelangelo (1475-1564)
Skildering Sikstynske kapel ‘De profeet Joël’ 

admin

Joëls geastberjocht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Stean iepen foar wat komme sil
fan boppen, slút jim dan net ôf,
want sterker as jim eigen wil
is ’t wûnder fan de Geast.

Jim soan en dochter komme earst
nei foaren, profetearjend fan
wat sprekt fansels, lykas de Geast,
it wûnder fan ’t begjin.

Wa’t âld is, krijt in takomstdream
en rint mei op de moarntiid yn,
it hôf troch nei de libbensbeam,
it wûnder fan de ein.

De man of frou yn slavernij
wurdt rom fan binnen troch de Geast,
elk heart yn frijheid der wer by,
in wûnderlik begjin.

Hoewol’t de sinne tsjuster wurdt,
de moanne krijt de kleur fan bloed,
de dei ferskynt grouwélich grut,
it is noch net de ein.

Beholden wurdt wa’t ropt de Hear
syn namme oan, want troch de Geast
stiet Sions berch foar harren klear,
it is in nij begjin.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De profeet Joël’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum