Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit foar de sier it ljocht mar skine
op it lytse sûnder dûk of rust,
gjin weach foar ’t swurd, mar wol in lust
foar ’t each, ’t model yn de fitrine.

Image

Yn lange nachten siere ljochte
liken fan it túch de grêft en kolk,
dat skûtsjes yn it each fan ’t folk
beskine fan ’t ferline ’t sljochte.

Image

Hoe sierlik lykje simmers marren
mei de float fan skippen foar de wyn,
lavearjend mei it wetter yn
de waring sa’t se harren warre.

Image

Se bealgen lykwols yn de beage,
kroaden it ferline yn it rom
en rûnen fan de swierte krom,
’t bestean dêr’t sy de sier yn seagen.

Image

admin

Rjochte rêch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de wyn de reiden bûge lit,
dan sprekt it rûzjen fan de fearkrêft
om oerein te bliuwen, mar is dit
de muoite wurdich yn it ljocht fan
rjochte rêgen mei in blanke pit?

Hâldt metaal de rêch net better rjocht?
It stribbet boppedat nei hichte
oant safier, want funksje skriuwt de bocht
syn plak en bûging foar; dy lichte
kin net helje by natuerlik ljocht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum