Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fandaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al jierren stie er kant en kreas
op ’t stikje rails by it stasjon
om ’t hastich folk noch oan te sprekken
op ’t nostalgysk moed, mar út ‘e toan,
it fluitsjen woe net, inkeld heas.

Fan argewaasje waard er hjit
en rekke stadichoan op stoom,
dat sûnder mar in drip te lekken,
kaam de sik op gong, earst slepend loom
troch ’t stjitblok foar in rûge rit.

Gjin sleep kaam achter stoomsik oan,
dat stampend ried er fan ’t stasjon
om yn ’t moderne troch te brekken,
rinkeljend fan toan op it perron
hie hy it as fandaal bedoarn.

Image

admin

It flinterke fan Reahûs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It barde yn Reahûs,
it doarp dêr’t read de kleur
wie fan de fjirtjin staasjes
rinnend bluodrich fier fan hûs
en tichterby de graasje
fan ús Sinteklaas dy’t fleur
oan ’t jonge libben joech,
mar boppe-al de flecht
fan ’t flinterke dat droech
op reade wjukken blauwe
wurden fan de berch echt
wier fierder as Blauhûs.

Image

It hold wol fjirtjin kear de wjukken yn,
fernaam de bloeddrip, roek de soere wyn.

Image

It saaide del op ’t famkes tichte each
en fielde ’t drippen foar’t it fierder fleach.

Image

It wjukke by acht kleurefinsters lâns
en ’t lok joech oan har tinten noch mear glâns.

Image

It heinde hege wurden fan it koar
en droech dy dûnsjend nei de tsjerkedoar.

Image

Doe fleach it dêrmei hiel de ierde rûn
en dripte read oant yn de lette jûn.

Foto glês-yn-lead finster fan Karel Andringa, Reahûs

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum