Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iepen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ynsicht yn wat iepen is
jout sicht op wat fan wêzen
is yn ’t ljocht fan tiidsferrin;
de sin is ôf te lêzen
fan in boerd dat sprekke kin.

Image

Rjochtop stiet er, sûnder mis
studint mei iepen earen
foar dy’t ek yn ’t libben stean;
de takomst sil it leare
hoe’t sy komme ta de kearn.

Image

Stenden wit, it is wol wis
dat op himsels twa eagen
sjogge hiel de wrâld yn ’t rûn;
de takomst sil it weage:
’t wrâldsje is te licht befûn.

admin

Ut ‘e liken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de drank nachts weaget yn it liif,
noch te betiid foar sloop en lekkens,
raze harsens alle triedden los
en easkje fette weagebrekkers.

Sletten tinte fan de fint of ’t wiif
ropt op om ’t letterseil te striken:
gjin kroket, skuor dan der mar op los,
in twirre lûkt it út ‘e liken.

Stiet de mêst fan giele geilens stiif,
dan krûpt it seil wer yn de hichte
mei in triedsje yn de neinacht los
lavearje liven nei de lichte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum