Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De eagen ljochtsje op
troch ’t each dat ljocht útstrielt,
se rjochtsje harren kop,
wa wit hoe’t ljochtsjen fielt?

De skrik om ’t lûdleas skot
dat slacht foar ien tel blyn
of yn it each de spot:
do bûten, wy deryn.

It each is rjochte op
’t beweech fan wyt en swart,
de mazzel of de strop,
wa’t oanfalt en wa’t wart.

Dit each jout it gefoel
fan broer yn ’t lyts en grut;
de lêste hat in doel,
de earste stiet foar skut.

Image

admin

Winnende hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It lei him oan de namme:
mei in ‘Wjukslach’ fier de hichte yn,
de fearren rûzjend yn de wyn,
klimopbeam hat dy net beskamme.

Image

De jierren troch wat heger,
genen siet dat sûne stribjen yn;
wat minsken diene, like skyn,
sy wiene fan nivo wat leger.

Image

Ynienen kaam der aksje,
triljend seach klimop de drokte oan,
in kraan spriek op in hege toan,
it skeelde mei de beam in fraksje.

Image

De hichte sil it winne:
folk fierhinne nei de lichte ta
wol wjukkeljend de romte ha
op har balkontsje yn de sinne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum