Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mastersuniversiteit

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It ideaal lei by de bern
en myn komôf sei hiel gewoan:
as skipperssoan foar heech ferlern;
wat leger nei in fêststeand feit:
de mastersuniversiteit.

Image

It kweekgebou wie trije heech,
in toer om leech by op te sjen
mei ’t each dat noch net folle seach,
mar út ‘e hichte klonk: ‘Hearsto
it koeren fan de wite do?’

Image

Hjoed stie ik wer foar it gebou,
de do hong tsjin de muorre oan,
ferslein as finzen yn in kou,
de sinne lei mei ’t each op ’t feit:
dat wie myn universiteit.

Image

admin

Stienterp

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Atlantis, eilân yn de oseaan,
hie hege bergen as in taflechtsoard
yn tiden dat it folk matearje
heger achte as de fûgels yn de baan
fan stjerren, sadat stêd en lân fan moard
en deaslach skodden, ’t wetter heger
kaam oant ek de toppen ûnder strûpten.

Wêr sille Friezen hinne as de see
de dyk oer krûpt en ’t roppen moard en brân
gjin rêding biedt oan de matearje,
yn noch heger oansjen as it faaie fee.
Dan leit as terp in stienbult yn it lân
nêst pealtsjes dy’t it wetter leger
hawwe wolle, grêfstien foar fersûpten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum