Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bonjour

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Gauguin*

Image

‘Bonjour, monsieur Gauguin,’
seit op dy koele moarn
syn buorfrou Bleu op klompen.
It is him oan te sjen
dat hy har toarre toan
begroetsje wol mei stompen.

De fûsten yn de jas,
de lippen op it slot,
de pet heal oer de eagen,
lit hy syn kleuren los
de boeretrut ta spot
mei wyn en rein yn fleagen.

Hy dreamt syn sinnich sin,
de tinten waarm fan fjoer
foar ’t frouwebleat yn Eden:
‘Bonjour, monsieur Gauguin!’
Dit komt him soeler oer,
syn kar foar oare seden.

Image

* Paul Gauguin (1848-1903) wie in Frânske skilder.
Hy socht syn hiele libben nei it paradys sawol
geografysk as artistyk.
Gauguin befoer alle oseanen om út te kommen
op ‘e Marquises eilannen yn de Stille Súdsee.
Syn skilderijen tsjûgje fan in brede opset
en waarme kleuren.


admin

Dreamen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Mostaert*

Image

Se koene ’t folle minder treffe,
dizze arrestanten yn de sel,
mei tegels, tafel, ledikant
en bôle jouwe sy har noflik del.

Sa sprekt de bûtenkant yn kleuren,
mar fan binnen tyskje bylden om
dy’t op ‘e muorre dizich stean
te wachtsjen op ‘e útlis, tou of rom.

En Joazef hat de dream foar eagen
fan de skinker by de druvestrûs;
de beker fan de farao
rint oer fan freugde, romte by de rûs.

De eagen glide nei de bakker
mei de swarte krieën om de koer
en galge, pikkend yn it brea
en fleis, syn bôledream oan ’t  hôf is oer.

Mar achter yn de sel bliuwt Joazef,
wachtsjend op ‘e dream fan farao;
syn fûgel is gjin swarte krie,
de útlis fljocht op wjukken fan de do.

Image

De bûtenkant fan dizze finzenis
seit inkeld wat syn funksje wie,
mar wat der dreamd en útlein is,
lei binnenyn dêr’t it in plakje hie.

* Jan Mostaert (sirka 1475-1555/1556)
wie in skilder út Haarlem. It skilderij
‘Joazef leit de dreamen fan de skinker
en de bakker út’ is makke op in paniel
fan 31 by 24 sintimeter en hat wat fan
in miniatuer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum