Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jonkjes mei hûnen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Tiziano Vecellio (Titiaan)*
en Salvador Dalí**

Image

It jonkje, noch mar krekt fan ’t memmeboarst
en ûnder ’t noaske strieltsjes snotte,
stiet wat wif op bleate fuotten,
steunend op ‘e hûnerêch,
wylst draaiend fan syn himd in woarst,
stelt hy dy iene fraach:
‘Wat sjocht myn each?’

De fantasy hat fluch it antwurd klear
en reizget fan Italië nei Spanje,
yn de rêchsek mûle, noaske, each en ear
en mei in himdfol woarsten oan as franje:

Image

‘Ik bin in jonkje fan seis jier
dat tinkt dat ik in famke bin
en sa ha ik it nei myn sin,
nijsgjirrich nei in snoarkjend dier,
til ik de hûd op fan de see
en sjoch it spul fan ljocht en skaad
dat ik beweech as wie ‘k in fee,
dêr leit de hûn, myn slûge maat.’

It jonkje, noch mar krekt yn ’t lân werom
fan wite werklikheid op poaten
harket nei de hûnenoaten
út ‘e hoale yn de grûn:
‘Wy binne lykas dy, dus kom,
en hawwe mar ien fraach:
wurd mei ús hûn!’

* Tiziano Vecellio (Titiaan) libbe fan 1477/1488-1576.
Doe’t er tsien jier wie, waard er nei Fenetië stjoerd.
Dêr krige er in oplieding as skilder.
Titiaan ûntwikkele in styl mei kleur en ljocht
yn de haadrollen.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
It skilderij fan Dalí hjit ‘Doe’t ik seis jier wie, tocht ik dat
ik in lyts famke wie dat op it punt stie om hiel hoeden
de hûd fan de see op te tillen om yn it skaad fan it wetter
in sliepende hûn te besjen’.

admin

Frjemdgean

Keunst
PDF Print E-mail
Image

Paul Cezanne*

Dêr sitst dan yn dyn fest
dat read fan bluodrich tinken is,
want do moast mei, dat wie wol wis
en tochtst: ik bin der west.

Se hiene maskers foar,
it personiel moast op ‘e grûn,
doe binne se nei dy ta rûn,
dêr skodest troch de doar.

Image

Sa seachst foar ’t earst de wrâld:
de koele loop fan in pistoal,
it kleurleas driigjen fan de boal,
dêr hingest, jong al âld.

Se sykje yn ’t papaverfjild
dat read is fan dyn dreamend fleanen,
tinkend dat it dy út soargen tilt
fan earms dy’t skean en bochtich steane.

Image

Claude Monet**

Mar frjemd dat ek foar harren jildt
dat sy as dy der net mear binne.
Wa kin tinke hoe’t dat frjemdgean fielt
fan kleare kleuren witwêrhinne?

* ‘Portret fan in jonge mei read fest’
fan Paul Cézanne (1839-1906).

** ‘Papaverfjild by Vétheuil’
fan Claude Monet (1840-1926).

De beide skilderijen binne
op 10 febrewaris 2008
stellen út it Bührle-museum
yn Zürich.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum