Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar op papier

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

It like goed, it koe net better
sa’t it op ‘e foarkant stie:
Langwar foar ’t Hearrenfean,
mar ’t wie papier, gjin wedstriiddie,
kaam dy op ’t eigen wetter?

De die fan Boalsert wie in misse
doe’t oer bakboard Meindert* foer
en elkenien gie stean,
de striid fan Eldert** wie gau oer,
hy koe it wer net risse***.

Image

De Lemmer soarge ek foar trije
kear is ’t wiere skippersrjocht
as winner op Langwar
en hoe’t Langwar dy dei ek focht,
It Fean wie net te krijen.

* Meindert de Groot
** Eldert Meeter
*** Boalsert rekke op Langwar
foar de tredde kear út ‘e striid.

admin

Hannen tekoart

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

As de wyn de oerhân hat
en weagen skomje by it swurd,
ha skûtsjes mannich hân tekoart
en snijt de mûle mei in flymskerp wurd.

Image

As in twirre falt yn ’t seil,
dan rint it skûtsje út it roer,
byt Eldert* stikken fan de neil
en Anne** set him skrep en rekket poer.

Hinget Wiemer*** boppe ’t dek,
dan is der wol wat oan de hân,
de oare manlju dogge ’t ek,
oranje boppe hâldt sa maklik stân.

Image

Is de eachopslach foarút,
dan wurdt op Drachten flymskerp syld,
in twadde plak wurdt ta beslút
as earste troch oranje boppe field.

Mar ’t skûtsje dat ferliest
in man en loete yn de striid,
sylt ladend troch, de skipper**** kiest
de skerpste slaggen nei de bêste tiid.

Image

* Eldert Meeter fan Huzum
** Anne Tjerkstra fan De Jouwer
*** Wiemer Hoekstra fan Drachten
**** Berend Mink fan Grou

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum