Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oerwei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De stoarmwyn bearde yn de tûken,
tyske gromjend om hâldfêst,
griep ta om ’t hout fan jierren
om te lûken, dêrnei wie it rêst.

Image

Gjin stoarmwyn soe it izer brekke,
want hâldfêst wie him net jûn.
Wat koe ’t metaal dan op in
stuit ferrekke? ’t Waard sa bûgend fûn.

Image

Hoe’t skuord en raamd is oan it izer,
’t springfolk koe der mei oerwei:
de skâns feroare rinners
fluch yn rizers mei it each op ’t aai.

Image

admin

Swierte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin boerd stie yn it iepen fjild
doe’t noch de kleasterklok belette
de tiden fan gebed;
de swierte fan it houten tsjil
hie spoaren yn de modder setten
foar ’t bouwen ier oant let.

Image

Dit Thabor fan Rienk Bockema
brocht lykwicht dat syn swiere sûnden
net fierden nei de hel;
as muonts soed er fersoening ha,
de wissichheid syn spoaren rûnen
net libbenslang mear del.

Image

It rûne boerd stiet hjoed de dei
mei read tsjin blau en meldt de swierte:
mei tsien is it wol dien;
it asfalt fan de Thaborwei
kin him mei Rienk syn paad net mjitte:
syn langte is goed ien.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum