Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hegerop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, it is wer oer,
de keninginne wie yn tel
yn ’t spyljen fan de Dakkapel
by ’t kariljon, heech op ‘e toer.

Image

De âlde wetterkop, fersierd
mei lange linten, read, wyt, blau,
stiek as in Wilhelminapau
syn hals út foar it beppeliet.

Image

De paus stiek ek de hannen út
yn ’t lange flagjen sûnder toer,
warskôgjend foar in frou oan ’t roer,
foar har in pastorale tút.

Image

Op ’t lêst it Fryske bloed tsjoch op,
it wachtsjen wie doe noch op Brok,
de Snitser kening op barok
bordes besong ’t ek hegerop.

Image

admin

Kreakkeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe kin de beam it as in geunst
beskôgje as de stoarmwyn beart
en ’t kreakjend hout fansiden teart?
Mar dochs, it resultaat is keunst.

Sil dan de keunstner kleie as
de libbensstoarm him kreakje lit?
Hy bûcht, springt iepen: blanke pit
as resultaat fan fêst nei los.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum