Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rûne ivichheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wylst it optilt fan de lûden,
skelle stimmen botse opinoar,
de tophits stride meiinoar
en ljochten flitse ta ien gloede,
hat it folk de mâle mole fûn
en draait fan leech nei heech
en dan werom yn ’t rûn.

Image

Wêrom altyd nei de lichte
yn deselde delgong op retoer,
mar nei de himel rikt de toer
fan stiel, full power nei de hichte
hat it folk in kjelle kick jûn jûn,
mar sjit fan heech nei leech,
de sirkel is wer rûn.

Image

Wa bewennet dan de leane,
stadich rinnend nei de ivichheid,
in parallel oan sillichheid,
de weagen dy’t op ’t waaien geane,
is it folk fan tweintich jûn,
de geast bringt sa teweech
it blau dat eaget rûn.

Image

admin

Skûtsjestek

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1992

Al ieuwen ha de skûtsjes fearn
mei wyn en stilte sûnder reling,
gie it op ‘e mar wat al te skean,
dan sette elk oan board him skrep,
stie skean en bleau sa stevich stean.

Image

Doe waaiden oarders oer it wiet:
in reling moast op skûtsjes komme,
wol sa feilich, lykwols hoe’t dat stiet?
Lykas in mûle mei in klep,
gjin kâns mear foar it âlde liet.

Tradysje wûn it fan it pleit
foar op ‘e skippen boerestekken
om te kearen hynder, ko en geit,
dus ’t seil omheech en set dy skrep,
omdat it wynkrêft fjouwer waait.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum