Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn de kost

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It jonkje stiet ferlegen foar de hage,
rêstpunt tusken twa kear in bestean,
betize oer wat net by ’t lytse past,
in holle mei tefolle fragen,
paden yn de dize noch te gean,
by pake en syn beppe yn de kost.

De dea en grûn is lang lyn oer har kommen,
’t jonkje waard ek pake, trije kear,
it jonge kaam, it âlde koe net mear,
dat pakes en syn beppes grêf waard romme.

De stien soe brekke yn wol hûndert stikken,
brekpunt yn noch altyd syn bestean
dêr’t no it dûbelpaad folslein yn past,
in hert om nammen yn te bikken,
hoeden om sa klear as glês te gean,
úteinlik by it jonkje yn de kost.

Image

admin

Geloksbantsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hong om ’t rizen fan beton,
de sinne skynde laitsjend giel,
in stjer woe strielje as wie ’t nacht,
de wesp berûkte in bonbon
en ik waard fan ’t gehiel in diel,
fernaam fan dit gefoel de macht.

Image

Beton is oars as ’t klopjend hert,
de polsslach dy’t de earmbân fielt,
de spier hat neat fan stikeltrie,
dat fielt de trien fan ’t famke net
en ik ha yn dy wespstek dield
’t fenyn fan hoe’t it kommen wie.

Image

’t Ferlies moat liede ta de fynst,
it paad dat fiert nei ’t famke ta,
mar ‘k wist as diel net wêr en hoe;
doe kleuren tegels nei de winst,
de pylken woene har dêr ha,
de polsslach klonk fan ‘I love you’.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum