Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fingerwizing foar Jona

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Michelangelo Buonarotti*

Jona libbe hiel gewoan,
want wêrom moast it sa bysûnder?
It wurk as Amittai syn soan
gie jierrenlang op ’t hiem foar wûnder.

Image

Oant op slach kaam oer de rop
dy’t Jona’s hert brocht yn betizing,
it kloppe fûl en dan wie ’t stop,
’t gie hin en wer… in fingerwizing?

Wurden wiisden him de wei:
nei Ninevé, dat lei yn ’t easten,
in stêd dy’t djip yn ’t kweade lei,
mar Jona seach dêr net it measte.

Hy beseach it fan de kant
dy’t him mear oanspriek, nei it wetter,
de see oer sûnder stikelplant,
gjin weach dy’t stiek, dat wie dus better.

Earst nei Jafo, op in skip
mei ’t fiere Tarsjisj as bestimming,
it heitehiem wie as in stip,
bysûnder waard syn ûndernimming.

* Michelangelo Buonarotti (1475-1564)
Skildering Sikstynske kapel ‘De profeet Jona’

admin

Nei berch Sion

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Lit my noch it lêste melde,
ik, Obadja, Gods profeet:
der komt in ein oan alle need,
neat bliuwt foargoed itselde.

’t Folk fan Jakob sil as flammen
wurde, Joazefs folk as fjoer
en Ezaus striebult is it foer,
as jiske wurdt syn namme.

Nei berch Sion sille komme
wa’t ûntkomme út ‘e need,
Gods hearskippij wurdt ierdebreed,
it rjocht slacht op ‘e tromme.

* Glês-yn-lead ‘Obadja, tsjinner fan de Hear’
yn Lincoln Cathedral

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum