Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Duvel Tjitte dea

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Image

Dêr sit er deakalm op it roer
mei blommen yn de rjochterhân,
al wer as kampioen,
hy jout him oan de hulde oer,
se ha it foar in jier wer hân,
mar hy bliuwt wol oan ’t helmhout bûn.

Hy siet as duvel oan it roer,
mar sprong ek wol fan stjoer nei bak,
sa linich as in slang
en as’t net woe, dan wied er poer,
it rûn net, slime as in slak,
sels foar gjin duvel wied er bang.

Doe kaam de tiid fan it is oer,
hy moast it roer út hannen jaan,
fan ’t skip en it bestean,
de duvel glimke, mar syn kloer
griep mis, koe Tjitte* net ferslaan,
hy bleau yn ’t klassemint noch stean.

Image

* Tjitte Brouwer

admin

Wyt op swart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It rikket fan it ûnnatuerlik swart,
in nije laach yn ’t lege gea
dêr’t bochte yn ’t ferline
inkeld mar de Grienedyk dy’t ea
it bodzjend folk beskerme hat.

Image

It swart komt ûnder ’t ûnnatuerlik wyt
dat spattend bochtet as gefaar
foar faasje yn it bline,
net in each foar watfoar wyn en waar
en wat yn berm en greide stiet.

Image

Mar wat, fergroeid mei waar en wyn,
de simmer troch de bermen siert,
sil nea troch ’t swarte kwine,
want de stâle hâldt as stille died
de kop derfoar, natuer deryn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum