Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Panorama Mynmar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr’t de arke yn de midden
útfalbasis foar my is,
hat it blêd syn skientme siedde
as in flier sa wif en wis;
dêr’t it giele stekt nei boppen,
útsicht biedt fier oer it gea,
sil ik dizze dei beroppe
fan moarns ier oant jûns yn ’t rea.

Dêr’t ik wit de wetterpoarte,
is de stêd fan ’t hege peil,
útfalbasis fan it koarte
teken yn it brune seil;
dêr’t de larken lûdleas glide,
driuwend op ‘e nostalgy,
sille skûtsjes bliuwend stride,
brûzjend sa’t tradysje die.

Dêr’t ik stjoer him nei de midden,
oeral spanning yn ’t kwadraat,
twirren reauntsje troch de triedden,
hout dat mei de weagen praat;
sakket nei de kym de sinne,
dan stim ik mei ’t jûnsread yn
en dy’t heger as my binne,
hearre ’t sjongen op ‘e wyn.

Image

admin

Ballade fan de swalkers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By de skipsramp op 7 desimber 1929

Image

Wa’t lêst dit stoarmich tryst ferhaal,
fielt kâld it wetter oan de lea
fan wat by Burgum barde,
mar nea kin yn balladetaal
de djipte klinke fan de dea.

De dei begûn mei stoarmich waar,
de twirren streken weagen swart,
de mar stie hol by Burgum,
de reiden heinden baar nei baar,
mar yn de midden is it bard.

De ‘Twee Gebroeders’, djip fan stien,
koe ûnder seil de mar net oer,
dat motorkrêft soe slepe:
de ‘Harmonie’ en ’t skûtsje ien
fan sin en doel, mar net fan roer.

De weagen sloegen oer de kop
en brieken iepen kleed en lûk,
dat neat koe ’t ûnheil keare:
de stoarm oerstimde bang gerop,
de djipte eage as in spoek.

It skipperske rôp: ‘Rêd ús bern!’
De skipper is de roef yn gien
dêr’t weagen meunsters wiene;
hy koe fan fiif mar trije sjen,
de jongsten sonken mei de stien.

Mar noch wie ’t lijen net foarby,
de gyk sloech alle fiif oerboard
as proai foar kâlde meunsters;
de ‘Harmonie’ hold har yn lij
en rêde út ‘e djippe noad.

Fiif Zwervers kamen út ‘e dea
werom, twa bleauwen doe deryn,
de mar soe noch lang beare,
mar skippers farre foar har brea,
se swalkje troch mei waar en wyn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum