Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Droegjende wyn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Kin ien de blierren fiele
fan it skeppen ieuwen lyn,
it swit dat droege op ‘e wyn
en jûns de soargen diele
om de terp, de hichte yn?

Image

De terp hat it fernommen:
wûnen djipper as in blier,
de âlde lea gie withoefier,
ferstruid oer gers en blommen
as it middel foar de tier.

Gjin skeppe sil mear smite
as it lân feroarje moat,
de fiem is hjoed de dei te koart,
it blêd wol net mear bite
om’t it lang gjin breedte hat.

Image

Mei fingers oan de knoppen
lûkt de earm de bak deryn,
ferskept yn ien kear meters klyn,
it ûnderste komt boppe
en it droegjen docht de wyn.

admin

Inkeld sân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De keninginne fan de mar,
mei graasje oer de weagen gliden,
sit beklonken op har stielen troan
yn skôging oer it eale striden,
trochgeand, dûbel acht, foar har
de prizen yn de kroan.

Image

Mar sels de barfrou nimt it net
om op ‘e kruk omheech te reitsjen,
úttild boppe ’t brûzjend elemint,
yn stilte ’t libben oer te eidzjen,
inkeld ien, apart no set,
dêr’t sy gjin priis mei wint.

Image

It brûzjend wetter wurdt dan swier
as sân, dat driuwt der samar hinne,
stilsteand, inkeld sân en sûgjend djip,
te djip sels foar de keninginne
en de barfrou, oan it bier,

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum