Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Griene baai

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

Tusken seis en sân koe ’t net,
dêr wie net tsjin te reven,
ek net yn de Lemster baai,
soks is no ienkear skûtsjewet,
mei seis koe it wol heve.

Image

Lemsters kleurje ’t wetter grien
lykas har eigen skûtsje,
want sy binne sjauvinist,
mar op dy dei wie der noch ien
om yn de baai te moetsjen.

Skerp as ’t slachtersmes foer Snits
mei ’t seil flak as in planke
fier foar oare kleuren út,
fan ’t Lemster grien seachst suver niks,
Snits hat de baai betanke.Image

admin

Profeten yn Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

De waarprofeten profetearren
dat de wyn hold him wol yn
salang’t de wedstriid duorre,
dêrop foeren tolve skippers blyn,
wat fiif fan har besuorren.

De beide Meeters stieken reven,
holden sa it skip oerein
doe’t wyn en weagen wâlen,
dat guon skûtsjes rûnen as in trein,
wylst oare nuver rôlen.

Image

It Hearrenfean koe it wol hysje,
sylde magistraal foarop,
wylst Snits de poarte sakje
liet, de gong derút, in puntestrop,
it wie yn ’t lêste rakje.

Profeten sille ’t boadskip hearre:
wyn en skippers ha gjin boadskip
oan wa’t sa koart profetearren.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum