Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gaos op De Feanhoop

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

Wat moat no sa’n kommisje
as it waar gjin útkomst jout?
Fan bûten rêstich,
mar fan binnen stoarmich:
is it wol of net fertroud?
Dan earst noch mar ris pisje.

’t Giet los, it kin wol lije,
mei in suchtsje fan de wâl,
de skûtsjes rêstich,
mar de skippers stoarmich,
dan, ynienen giet it mâl:
de wyn sil har net mije.

Image

Mei wynkrêft fiif is ’t hâlden,
mar it kearen wol net mear.
Wa bliuwt noch rêstich
by in stoarm fan gjalpen?
Nimmen kriget hjoed de ear:
it einskot foar de moarden.

admin

Twa Annes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

Image

De protters foelen fan it dak
fan ’t simmerhúske oan de Ie
en bleauwen fan de hjitte lizzen
doe’t De Jouwer nei it earste rak
de kopposysje nommen hie,
it koe fan ’t jier net misse.

De Jouwer miste foarich jier
de finish, ’t rekke op ‘e kop
ferkeard, it skûtsje bleau doe lizzen,
mar it dreau hjoed troch en waard wiswier
de winner mei it doek yn top,
want kleuren kinne ’t sizze.

De trije kleuren fan it doek
droech Eldert* ek op ’t achterdek,
mar ’t koe de bêste skipper misse,
Drachten showde him de blauwe broek,
in twadde priis wie net sa gek,
twa Annes** soene ’t sizze.

Image

* Eldert Meeter fan Boalsert
** Anne Tjerkstra fan De Jouwer
Anne Hoekstra fan Drachten 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum