Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se libben as de wite wolken,
driuwend oer it swurk,
de driuw dy’t se fertolken,
wie omheech lykas de ljurk
syn jubel breedút wjukket.

Se seagen moannen út ‘e hichte
op ‘e swierte del
fan lege ierdske plichten
– by bloeiers net yn tel –
foar wrotters nei de djipte.

Se steane dagen lang te stjerren
sûnder noch beweech
sa’t fûgels misse fearren,
wolken hingje driigjend leech,
mar ’t wite sylt wol fierder.

Image

admin

Foarspul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se hiene ’t each al op elkoar,
mar net de glêde liven,
want sy wie der earst net foar,
hy wie nochal in stive,
dêrom moast er rap omheech,
himsels oan har bewize
mei de peal yn, steech en dreech,
soe hy yn achting rize.

Image

Hy strûpte út syn stive klean,
kaam út ‘e skulp yn ’t neaken,
seach de peal al foar him stean,
in noegjend leafdesbeaken,
klom syn stivens út it liif
en glied op ’t eigen glêde
slym foar ’t each nei topgeriif,
hy soe it grif wol rêde.

Image

Fuort nei de klimaks kaam er del,
fan wurgens moast er hymje,
hie fan ’t gliden in droech fel
en koe de skea net lymje,
dêrom kroep er út ‘e wei,
sy koe him net gerive,
dat der bleau in kleau dy dei
en kalkkjeld om twa liven.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum