Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simon van Slingelandt

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
Image

Wa ken no noch Van Slingelandt,
it jonkje fan in Dordsk regint,
syn foarming yn deselde trant
ferrûn nei winsk… hy waard bekend.

Hy wie betûft en wurke hurd,
koe ek wol oer in goede grap,
in man dy’t feardich wie mei ’t wurd,
sa klom er heger, stap nei stap.

Earst waard er Hollânsk advokaat,
doe skriuwer fan de Rie fan Steat,
yn oarlochsjierren diplomaat,
de Frânske kening die him neat.

Fan sinten hied er ek ferstân,
besunigje dat lei him wol
de krisis troch yn ’t lege lân,
de kiste rekke sa wer fol.

As pensjonaris fan de rie
berikte hy de heechste post,
in man dy’t foar syn wurden stie,
regearre as regintefoarst.

En doe’t er op syn stjerbêd lei,
kaam noch de Frânske kardinaal,
hy naam foar him wurdearring mei,
al wie it yn in frjemde taal.

Wa ken no net Van Slingelandt
dy’t opklom ta it heechste amt,
hy hie syn netwurk oeral spand
en libbe yn datselde ramt.

* Portret fan Simon van Slingelandt

admin

Steatslotterij

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wêr’t eartiids ridders strieden
mei de lâns rjocht foar har út
as helden op in feesttoernoai
foar tút en gloarje ta beslút,
dêr riisde ’t lot yn oare tiden.

Gjin needlot fan in ridder
oerbleaun út ‘e âlde tiid
of fan reginten oan ’t regear,
it wie it lot fan wiid en siid,
wa’t wûn, kaam yn it libben fierder.

It winnend lot waard trokken**
yn de âlde Ridderseal
nei dagen switten troch ’t regear,
in krekt proses, it moast net heal,
sa brocht de steat it folk ta gokken.

Image

* Twa skilderijen fan de Ridderseal

** Yn 1726 sette de Steatslotterij útein

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum