Willem Tjerkstra’s thússide
admin

George Washington

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gilbert Stuart*

Image

Dêr stiet er dan, de presidint,
de earste fan in ûnôfhinklik lân
op grûn fan revolúsje,
noegjend mei de rjochterhân:
myn foarbyld jout fidúsje.

Hy wie op eigen hiem de baas,
plantaazjehâlder, ûnôfhinklik hear
fan grutte landerijen;
mei syn slaven wied er klear…
wist hy doe fan har lijen?

George Washington yn stimmich swart
seach fierder as op ’t eigen hiem de stream
fan slaven nei de fjilden;
nei de nacht gie troch de dream
dy’t yn de hichte tilde.

* Gilbert Stuart (1755-1828)
Skilderij ‘George Washington’

admin

Unôfhinklikheidsferklearring

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan John Trumbull*

Gjin folk kin libje sûnder rjocht,
al is it lân al lang koloanje
fan in oare steat, dy’t grinzen socht
om te ferlizzen.

It folk fier oer de oseaan
rôp oer de weagen: ‘Revolúsje,
’t is mei oerlis net te dwaan,
wy sille ’t risse!’

Dat folk focht him nei frijheid ta,
mar inkeld foar de rike blanken,
want de swarte slaven moasten ’t ha
fan súntsjes sizzen.

It frije folk woe op papier
in ûnôfhinklikheidsferklearring,
makke troch de ieuwen hinne wier
sels te beslissen.

Image

* John Trumbull (1750-1831)
Skilderij ‘Unôfhinklikheidsferklearring
USA yn it Kongres’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum