Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bataafske misslach

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Thomas Whitcombe*
fan ûnbekend**

Gjin lân behearske sa de weagen
as de nije republyk,
de frije steat fan de Bataven,
striders foar it Frânske ryk,
it leafst tichtby de haven.

Image

De haven wie dy fan Den Helder,
dêr’t De Winter*** joech it sein
om út te farren tsjin de Britten
mei de sege yn it brein
noch foar it earste sjitten.

De skotten dreunden oer de weagen
foar de frijheid fan de steat
en ’t ûnderstrûpen fan de Britten;
foar ‘De Vrijheid’ gie ’t ferkeard,
De Winter hat it witten.

Image

De fice-admiraal moast sitte
by de Britten op it lân,
dy’t hearsken oer de measte weagen,
holden sa har steat yn stân
en frijheid klear foar eagen.

* Thomas Whitcombe (1763-1824)
Skilderij ‘Slach by Kamperduin’

** Skilderij ‘Slach by Kamperduin’

*** Fice-admiraal op it skip ‘De Vrijheid’

< Foarige
admin

Rûnom de frijheidsbeam

Skiednisbylden
PDF Print E-mail

fan J.L. Hauck*

Se hâlde heech it heitelân,
de frije Patriotten;
mei’t gewear fan Jean soldaat
kraait sels de hoanne: ‘k bin paraat!
Wa’t frij is, hoecht net mear te wrotten.

Wa praat no noch fan Nederlân,
It lân leit justjes heger
as it dún, de terp en dyk!
Sprek fan Bataafske Republyk,
dan komt de knots wer yn it leger.

Kom allegearre nei it plein
om dêr de beam te plantsjen
dy’t yn frijheid groeie sil;
sjong dûnsjend fan in eigen wil
mei Jean de broer-soldaat oan ’t hantsje.

Image

* J.L. Hauck (1759-1797)
Skilderij ‘Frijheidsbeam’ (Grins)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum