Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jouster doarpaniel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Image

‘Yn de Frijloop’ hiet har ploech,
se wiene frij, mar wol oan ’t wurk
mei ’t swit tsjok op ‘e holle
foar ‘Oeral thús’ fan roef oant durk,
gjin doarpaniel wie har tefolle.

Image

It wie al hast wer twa jier lyn
doe’t ‘Oeral thús’ ferlear de slach
op ’t Grouster wetter fan de wyn.

It doarpaniel gie mei it stiel
de djipte yn, in hiele slach,
it kromme as in skiere iel.

Mei man en macht kaam ’t skip oerein,
it stiel wie hiel, it túch fan slach,
it doarpaniel út lykwicht slein.

Image

‘Yn de Frijloop’ makke rjocht
wat krom wie en út lykwicht slein,
mei ’t swit tsjok op ‘e holle,
dat alle houtwurk wie wer kein,
in twadde kear wie ien tefolle.

admin

Krânselaits

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

It giet al wer net troch,
al foar de tredde kear
ferliest de float it fan de wyn,
tefolle of te min,
by grize loft of sinneskyn,
it is de skippers net nei ’t sin.

Se hiene leaver syld
foar noch in better plak,
foar guon it heechste, kampioen,
it moat mar sa’t it kin,
de bêste hat úteinlik wûn
en ’t is de heechsten wol nei ’t sin.

Image

Yn it fûlste fan de striid
is skolden op elkoar
mei hege fûst en gleone kop,
’t gefoel wurdt dan ta plicht,
mar komt de krânse by it krop,
dan brekt de laits troch op ’t gesicht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum