Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Leiens fjoerwurk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johannes Jelgerhuis*
fan Carel Lodewijk Hansen**

Troch Hollân foer in skip
mei buskrûd foar de striid,
de Frânsman hie it yn de grip,
it krûd wie droech, it lânskip wiid.

It skip kaam oan de kaai
yn Leien, joech him del,
it wachtsjen wie op noch in dei,
it krûd wie droech, de strjitte smel.

Image

Gjinien wist hoe of wat,
se hiene ’t oer in flam,
mar wie ’t moedwillich of it lot?
It krûd sloech oan, doe wie it bam!

Wol hûndertfyftich dea,
twatûzen ûnder ’t bloed,
sa seagen libbenen it nea,
it krûd wie wei, de stêd yn noed.

De Frânsman liet him sjen,
broer fan Napoleon,
dy treaste widdo’s mei har bern
en skonk sawat in tredde ton.

Image

* Johannes Jelgerhuis (1770-1836)
Skilderij ‘Leiens buskrûdramp’

** Carel Lodewijk Hansen (1765-1840)
Skilderij ‘Lodewijk Napoleon op besite yn Leien’

admin

Loadewyk Napoleon

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Charles Howard Hodges*

Image

Loadewyk Napoleon, earst broer
en dêrnei Hollânsk kening,
broerke fan Napoleon;
dy naam syn foarming oer,
as keizer joech er training.

Loadewyk gie mei op oarlochspaad,
moast fjochtsje yn Egypte
foar syn broer Napoleon;
hy stie by him yn ’t skaad,
fernaam hoe’t hy him wipte.

Loadewyk moast dus nei Hollân ta,
woe him net stjoere litte
troch syn broer Napoleon;
dy woe gjin tsjinspraak ha,
de keizer koe it witte.

Loadewyk koe ’t keningswurk wol oan,
de taal soe hy sels leare:
‘Ik, konijn van Olland’ siet
net lang op Hollânsk troan,
syn broer woe doe regeare.

* Charles Howard Hodges (1764-1837)
Skilderij ‘Portret fan Loadewyk Bonaparte’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum