Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sieuske koarts

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It barde op in simmerdei
dat fan de kant fan Ingelân
de Noardsee wyt fan seilen blonk,
safolle dat de ein wie der fan wei;
se kamen nei it Sieuske strân
omdat dêr frou ‘Fiktoarje’ wonk.

De Frânske hoanne kraaide dêr,
mei frou ‘Fiktoarje’ lang al troud,
de blanke lea wie rap beset;
de Ingelsman hie niget oan dy stjer,
sy blonk noch folle mear as goud,
hy hat it mei har lea net ret.

Earst kriich er macht oer ’t Sieuske gea,
de hoanne joech al minder lûd,
mar mei de koarts kaam rap de kear:
de Ingelsman lei tûzenfâld foar dea,
de rest foer flechtsjend op ‘e floed,
oan frou ‘Fiktoarje’ bleau de ear.

Image

* Yllustraasje ‘De besetting fan Flissingen’
Yllustraasje ‘De Britten ferlitte Walcheren

admin

Leiens fjoerwurk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johannes Jelgerhuis*
fan Carel Lodewijk Hansen**

Troch Hollân foer in skip
mei buskrûd foar de striid,
de Frânsman hie it yn de grip,
it krûd wie droech, it lânskip wiid.

It skip kaam oan de kaai
yn Leien, joech him del,
it wachtsjen wie op noch in dei,
it krûd wie droech, de strjitte smel.

Image

Gjinien wist hoe of wat,
se hiene ’t oer in flam,
mar wie ’t moedwillich of it lot?
It krûd sloech oan, doe wie it bam!

Wol hûndertfyftich dea,
twatûzen ûnder ’t bloed,
sa seagen libbenen it nea,
it krûd wie wei, de stêd yn noed.

De Frânsman liet him sjen,
broer fan Napoleon,
dy treaste widdo’s mei har bern
en skonk sawat in tredde ton.

Image

* Johannes Jelgerhuis (1770-1836)
Skilderij ‘Leiens buskrûdramp’

** Carel Lodewijk Hansen (1765-1840)
Skilderij ‘Lodewijk Napoleon op besite yn Leien’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum