Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oant it lêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It leit yn ’t lege gea
dêr’t grien gjin grinzen ken,
sa oer de sleatten springt;
it liket as it winkt,
in mem mei ’t lytse bern,
sa suver op ‘e lea.

Hoe hat it eartiids west
yn ’t kreakjen fan de tiid
en ’t klomjen yn de jûn?
Sy wie oan ’t libben bûn
fan man en bern, yn striid
behurde oant it lêst.

De notiid hat de grins
ferlein nei ’t einstasjon
en op ‘e wâl by ’t dok
ferriist it lêste lok,
de hichten fan beton,
dêryn noch efkes lins.

Image

admin

Lâningsbaan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It koe net better sa’t er lei,
in lâningsbaan dy’t lang en breed
elk fleanend objekt heinde dat yn need
op grûn fan feiligens ferkeas de wei.

Image

Oant op in dei, it wie al jûn,
de loft berûn en ’t reinde klaai;
de lâningsbaan siet lang en breed dermei,
wie ek oan ’t heinen fan de delslach bûn.

Image

Der kaam in boerd omdat er fûn,
gjin objekt hie syn slinger mei
de modder op ‘e lange, brede wei,
want dronken draaide elk oars yn it rûn.

Image

Dy nacht fleach mei in rare swaai
in objekt del yn hege need;
der wie gjin heinen oan, in baan as reed
wie ta de dea sa’t hy derhinne lei.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum