Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Minskelot

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat ek ’t begjin fan alles wêze mei,
de skeppingsdie of lûde knal,
de ierde kaam op tiid op wei
en waard unyk yn it hielal.

Want alles kriich syn eigen tiid en draai,
de sinne foar it waarme waar
en boppedat foar ljochtskyndei,
bespile ek de romtesnaar.

De waarmte rôp it ierdske libben op
dat loek nei skipper nêst syn God,
de hân oan ’t roer en heech de kop,
want nei de hichte wie syn lot.

De liere draaide heger as de toer
it doek dêr’t hy de wyn mei fong;
sa sylde ’t skip de marren oer,
wylst hy oan ’t roer de psalmen song.

En oan de ein fan ’t draaien yn it rûn,
by’t sakjen fan syn seil en stim,
ha toer en mêst de hichte fûn:
as punt de stjer fan Betlehem.

Image

admin

Hâldfêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat frege earder om hâldfêst,
hat fûn in feilich ûnderdak;
de leechte lokket net nei ’t plak
dat tusken peallen bylke bêst.

De peallen ha de rospeal west
foar skippers dizich oan it roer,
mar ’t simmershowen is no oer,
de dize soarget foar de rest.

Wat oerbliuwt is it wetterflak,
de spegel fan it wâlpublyk
dat werjout hjoed syn eigen ryk
fan ’t hiele jier troch ûnderdak.

Mar fierderop leit yn de rêst
in skip dat boppe leechtes riist,
fol nostalgy de hichte wiist
dêr’t triedden fine har hâldfêst.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum