Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Loadewyk Napoleon

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Charles Howard Hodges*

Image

Loadewyk Napoleon, earst broer
en dêrnei Hollânsk kening,
broerke fan Napoleon;
dy naam syn foarming oer,
as keizer joech er training.

Loadewyk gie mei op oarlochspaad,
moast fjochtsje yn Egypte
foar syn broer Napoleon;
hy stie by him yn ’t skaad,
fernaam hoe’t hy him wipte.

Loadewyk moast dus nei Hollân ta,
woe him net stjoere litte
troch syn broer Napoleon;
dy woe gjin tsjinspraak ha,
de keizer koe it witte.

Loadewyk koe ’t keningswurk wol oan,
de taal soe hy sels leare:
‘Ik, konijn van Olland’ siet
net lang op Hollânsk troan,
syn broer woe doe regeare.

* Charles Howard Hodges (1764-1837)
Skilderij ‘Portret fan Loadewyk Bonaparte’ 

admin

Admiraals op ‘e trek

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Louis Philippe Crepin*

De fraach wie: wa soe hearskje
oer de wiidte fan de oseaan?
It wie mei frede net te dwaan,
twa naasjes soene ’t seerjocht easkje.

Image

It antwurd kaam fan Nelson,
admiraal fan naasje Ingelân,
hy sette Frankryk nei syn hân,
foar Pierre de Villeneuve in helske.

In strategy fansiden
taaste ’t Frânske liny-farren oan,
de botsing waard in helsk fertoan,
de slach hie fjoer en bloed te bieden.

Image

Want Nelson kriich in kûgel
yn de rêch, mar folge noch de striid,
hy wist: it is al gau myn tiid,
net tusken fisken, mar as fûgel.

En Villeneuve kriich stekken
fan himsels, it wiene der wol seis,
woe grif mei Nelson ûnderweis
as fûgel, fredich fierder trekkend.

* Louis Philippe Crepin (1772-1851)
Twa skilderijen ‘De slach by Trafalgar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum