Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Cham

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sizze dat Cham swart wie,
ferflokt, it libben troch as slaaf,
omdat er heit yn ’t neaken sjoen hie,
de dronken Noach oan de wyn, alaaf,
dat dêrom slaveskippen foeren
nei ’t fiere lân fan dream en wins
om te ferfallen yn de kloeren
fan boeren sûnder lins en grins.

It wurde oare tiden,
dat sjocht men oan de bistewrâld,
de swarten hoege net te blieden,
tegearre ûnderdak, hoe’t soks ferhâldt
him mei de blanke yn de dize
achter traaljes, is sa klear as Cham:
hy sil yn mist de wite wize
nei in takomst sûnder slavestam.

Image

admin

Ballade fan Yge fan De Gaastmer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa ken yn ’t wetterlân De Gaastmar net
op grûn, wat heger, tusken marren,
wiid de kym en smûk it doarp,
dêr’t Yge wenne dy’t net bûn oan wet
en faam de foarkar joech oan farren.

Yn iere moarn foer hy De Fluezen op
en boomke nei syn trettjin fûken
dy’t er lege yn de bun,
in glêde kronkelheap, gjin sturt of kop,
om Yge troch de tiid te lûken.

Dy tiid ferfeelde Yge op ‘en doer,
hy woe lykas de iel wol trekke,
swimme koed er lykwols net,
dus foer er mei in aak de Noardsee oer
om sa yn Londen oan te stekken.

De iel noch lyts út ‘e Sargasso wei
ferkocht er dêr as Fryske fette,
mei syn glêdens kocht er doe
in kreaze faam dy’t him de wierheid sei:
‘Dy iel hoechst my net foar te setten!’

Dochs naam er Mary mei de Noardsee oer
om yn De Gaastmar wat te wennen,
mar it doarp wie Londen net:
Big Ben wie folle lûder as de toer
fan hout, wat koe se hjir herkenne?

Dy nacht liet Mary witte har beslút:
‘Ik fiel my nuver tusken marren,
bring my nei de Theems werom!’
Mar Yge, noch fertize yn in tút,
fûn swimme wol sa goed as farre.

Dus brocht er Mary nei De Fluezen ta
en liet de iel los út ‘e fûken,
smiet syn faam der achteroan;
sy woe dy fisken wol as selskip ha
en liet har nei de Theems ta lûke.

De iel swom fierder troch de oseaan
om yn Sargasso kût te sjitten;
Mary waard yn Londen swier
en soe it boarst oan lytse Yge jaan,
dy namme koe se net ferjitte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum