Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pont yn de moarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moarnsljocht skulferet oer de mar,
mar net in markol smeit it sulver,
want de reus brekt troch it far
en fart de wetterskyn oan pulver.

De pontbaas sjocht it driigjen oan
en lit de pont foarearst mar lizze
oant de markol jout de toan
fan farre mar, gjin reus nei dizze.

It moarnsljocht wifelet yn de hjerst,
de stêd leit noch yn lêste slomme,
dat de pontbaas yn syn swarte fest
stiet op ‘e trie wat by te kommen.

Image

admin

Spegelje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe faak hat Jikke foar de spegel stien,
bekend as ‘moeke’, mem fan Snits,
se seach harsels moarns yn in flits:
de kamkes yn it hier, in tel of tsien.Image

Mar as se hjoed wer opstie út ‘e dea,
dan stie se op en del te sjen:
har âlde spegel gie ferlern,
it eigendom te hier, sa wie it nea.

Se taalt net mear nei ierdske gast of klant,
mar wol ek net werom as lyk,
de spegel op ‘e Grienedyk
tilt Jikke nei har himelsk restaurant.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum